Firefox yn de styl fan Praat Mar Frysk

Voor alle vertalingen van Mozilla-software in de Friese taal.
Gebruikersavatar
moZes
Berichten: 1509
Lid geworden op: 30 Oktober 2003, 9:49
Locatie: Leeuwarden
Mozilla/5.0 (Windows NT 6.0; rv:2.0) Gecko/20100101 Firefox/4.0

Firefox yn de styl fan Praat Mar Frysk

Berichtdoor moZes » 18 April 2011, 8:08

Afbeelding
Frysk ynternette mei Firefox
Yn de styl fan Praat Mar Frysk

In browser yn de styl fan Praat Mar Frysk. Dat kin mei de nijste ferzje fan Mozilla Firefox 4, hielendal fergees! En noch wat, witsto dat der ek in Fryske ferzje fan is?

Asto op it ynternet sneupst dan brûkst derfoar in browser en dêr binne der op dit stuit hieltyd mear fan. Hjoed-de-dei kinne wy kieze út moderne browsers as IE9, Chrome 10, Safari 5 en Mozilla Firefox 4. En dy lêste wol PMF graach ûnder de oandacht bringe, want dy hat dochs wat opfallende mooglikheden.

Wat PMF as earste sa moai fynt is dat der in Fryske ferzje beskikber is. Dat betsjut natuerlik net dat it hiele ynternet yn it Frysk feroaret, mar alle menu's fan it programma wol. Bygelyks it menu mei alle opsjes foar û.o. it ynstellen fan dyn startside, hoe om te gean mei ljepblêden ('tabs') en jo privacybeskerming. De Mozilla-organisaasje fynt it nammentlik hiel wichtich dat de brûker kontrôle hat oer syn programma en priveegegevens. Standert wurdt ek de RSS mei it lêste nijs fan Omrop Fryslân meilevere.

De mooglikheid om dyn browser nei dyn eigen hân te setten docht ek bliken út it gebrûk fan saneamde Personas. Dêrmei kinst op in ienfâldige wize de browser hielendal nei dyn eigen smaak oanklaaie, bygelyks yn de styl fan Praat Mar Frysk (makke troch Wim Benes) of mei de Fryske flagge.

Afbeelding

Neist it oanpassen fan it uterlik kinst mei saneamde Add-Ons Firefox útwreidzje mei ekstra funksjes. Foar de ynboude staveringshifker binne der wurdlisten beskikber, sa ek de Fryske wurdlist, dus noait mear flaters meitsje mei it typen fan dyn Fryske Twitter- of Facebook-berjochten. In oare faaks brûkte Add-On is Adblock Plus, dêr't advertinsjes, banners en oare ferfelende saken op ynternet mei blokkearre wurde kinne. Sjoch mar ris rûn op de website mei in ferskaat oan funksjes foar blêdwizers, downloadbehear, muzyk en spultsjes.

Hast Firefox al op dyn kompjûter, mar is dy yn it Nederlânsk, laad dan de Fryske yn en ynstallearje it gewoan oer de âlde hinne. Alle besteande gegevens en ynstellings bliuwe bewarre. Der binne ferzjes foar Windows, Linux en MacOS fan Apple. En wês wis datsto ferzje 4 krijst, want dat is de fluchste oant no ta. Wolst de Fryske ris probearje, dan kinst it programma ek op in oare as de standertlokaasje ynstallearje. Foar wa't dit allegearre noch net genôch is, is Mozilla Firefox geskikt makke foar mobyltsjes mei Android of Maemo. Mei de ynboude Sync-opsje kinst de skiednis, wachtwurden en iepen ljepblêden fan dyn buro-PC syngronisearje mei dyn mobile ferzje.

En omdat PMF dit sa moai fynt, aksje en prizen! Stjoer in skermôfbylding fan de nije Fryske Firefox yn Praat mar Frysk-styl nei praatmarfrysk at gmail.com en wa wit winsto in Praat mar Frysk-Mozilla pakket oanlevere troch Wim Benes!

Terug naar “Friese vertalingen”